Sluten azc's net kompensearre

28 maaie 2003 - 00:00

It Noarden krijt gjin kompensaasje foar it ferlies fan wurkgelegenheid troch it sluten fan azc's. Dat seit minister De Geus fan Sosjale Saken. It Ryk is net ferplichte om foar nije banen te soargjen as guon ferlern geane by sluting fan bedriuwen of ynstellings.

Lêsten makke it COA bekend dat in tal azc's yn it Noarden slút. Dat kostet in soad minsken har baan. Keamerleden hiene by de minister oantrune om it Noarden dêrfoar te kompensearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)