Bedriuwen wachtsje faak te lang

© Omrop Fryslân
Fryske bedriuwen dy't troch de minne ekonomyske omstannichheden yn de problemen komme, wachtsje faak te lang om help te sykjen. Dat fine de Keamer fan Keaphannel, it Midden- en Lyts- bedriuw en tal fan banken yn Fryslân.
De ferskate partijen roppe de bedriuwen op har te melden by it saneamde 'Twee-voor-twaalf-loket' fan de KfK. Dêr kin mei saakkundigen besjoen wurde wat de perspektiven foar in bedriuw binne.