Metaalwurgens yn brêge N31

27 maaie 2003 - 00:00

De Keningsbrêge yn de N31 Harns-Surch moat wer in needreparaasje útfierd wurde. Der sitte skuorren yn ien fan dragers fan it brêgedek. As der neat oan dien wurdt, is de kâns grut dat it dek ynsakket. Neffens Rykswettersteat is metaalwurgens de oarsaak fan de skuorren.

It autoferkear wurdt kommend wykein omlaat fia Harns. De skipfeart mei in mêst heger as fiif meter kin yn de nacht fan sneon op snein troch de brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)