ATF nei trije jier ferfolge

27 maaie 2003 - 00:00

It ôffalbedriuw ATF/De Pijp yn Drachten en trije liedingjaanden wurde fan it hjerst strafrjochtlik ferfolge. Neffens it Iepenbier Ministearje ha de fertochten skuld oan it ûntstean en it út de hân rinnen fan de brân. By de ramp, trije jier lyn, baarnde in loads mei 480.000 gemysk ôffal ôf.

Offisier fan justysje Brouwer neamt dit de grutste miljeusaak oait yn de provinsje. Fanwegen de kompleksiteit hat it foarûndersyk sa lang duorrre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)