Doek falt foar NNBT
It doek is moandei definityf fallen foar it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme (NNBT). Provinsjale Steaten fan Fryslân en Drinte ha besletten gjin jild mear te jaan oan it buro yn jildpine.
It NNBT hie om in heal miljoen euro frege. Dêr sjogge de Fryske Steaten lykwols neat yn. Deputearre Mulder makket him soargen dat it imago fan it Noarden skea oprint troch it fallisemint.