Tsjerken moatte brânfeiliger

26 maaie 2003 - 00:00

In soad tsjerken yn Fryslân wrakselje mei de brânfeiligens yn har tsjerkegebouwen. Op lêst fan de gemeentes moatte de tsjerken dêr mei oan de slach. Lanlike wetjouwing ûntbrekt lykwols, sadat alle gemeentes sels har foarskriften opstelle.

Yn guon gemeentes binne de regels foar tsjerken like strang as foar bygelyks diskoteken. Te strang, sa fine de tsjerken. De oanpassings kostje har faak tûzenen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)