Beskoeiing ferfongen

26 maaie 2003 - 00:00

Tusken Sint Jabik, Berltsum, Sint Anne en Swarte Haan is úteinset mei it fernijen fan de walbeskoeiïng. Dêrfoar wurdt in spesjale boat brukt. Ek wurde dûkers ynskeakele.

It ferfangen fan de beskoeiïng oer in lingte fan achteninheale kilometer duorret in pear moanne. De operaasje kostet sa'n sânhûnderttûzen euro. It werstel wie hurd nedich. Op goun plakken wie de houten beskoeïng fuortrotte en sakken de kanten yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)