Knibbelbân De Jong skuord

26 maaie 2003 - 00:00

Foar fuotballer John de Jong fan Hearrenfean sit it seizoen der op. Yn de wedstriid tsjin RBC, ôfrûne snein, hat er in bân yn de rjochter knibbel skuord. Undersyk yn it sikehûs hat dat moandei útwiisd. De Jong is fjouwer oant seis wike útskeakele.

It is noch ûndúdlik oft De Jong de Hearrenfean-kleuren noch wer ris ferdigenje kin. De club sil dêroer om de tafel mei PSV, dat De Jong dit jier ferhierd hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)