Ten Hoeve yn Earste Keamer

26 maaie 2003 - 00:00

Hindrik ten Hoeve út Stiens krijt in sit yn de Earste Keamer. De FNP'er komt yn de Keamer foar de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). Hy krige mear stimmen as de listlûker fan de OSF, de Limburger Zinken. Yn de Fryske Steaten krige Ten Hoeve acht stimmen, sân fan de FNP en ien fan Gemeentebelangen.

Oare Friezen yn de Earst Keamer binne Kobus Walsma en Bert Middel. De útslach wurdt takom woansdei offisjeel fêststeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)