Cambuur ûntslacht trainer

26 maaie 2003 - 00:00

It bestjoer fan Cambuur hat trainer Rob McDonald dien jûn. It ûntslach giet fuortendaliks yn. De club hat der gjin betrouwen mear yn dat de trainer de spilers ta goede prestaasjes bringe kin. Cambuur spile it hiele seizoen teloarstellend. It ôfrûne wykein ferlearen se mei mar leafst 10-0.

Nije wike wurdt oerlein oer de ôfhanneling. Dan begjint de club in proseduere foar in nije trainer. De spilers ha in sprekferbod.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)