Ynvalideskooter op de sneldyk

26 maaie 2003 - 00:00

De plysje hat snein op de A32 by Wurdum in 90-jierrige frou op in ynvalide- skooter fan 'e sneldyk helle. De frou sei dat se nei alle gedachten in ôfslach oer de holle sjoen hie en dat se it fytspaad net mear fine koe.

Autobestjoerders hiene de frou nei in parkearplak by de sneldyk brocht, wêrnei't de plysje har mei har ynvalide-skooter en al thús ôfsetten hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)