Van der Wal: 11e Olympia's Tour

26 maaie 2003 - 00:00

Joost Posthuma fan de Rabobankploech hat de 51ste Olympia's Tour wûn. Yn de lêste etappe oer goed 200 kilometer fan Geleen nei Buchten kaam syn oranje trui net mear yn gefaar. Yn dizze lêste etappe ferspile Eelke van der Wal syn plak yn de top 10. Hy kaam as 25ste oer de streek.

Yn it algemien klassemint is de debutant út Holwert as alfde einige, mei in achterstân fan hast fiif minuten op Posthuma. Folkert de Haan waard 35e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)