Partoer Van Tuinen wint Doanjum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Pieter van Tuinen mei André Kuipers en Chris Wassenaar wûn snein it keatsen yn Doanjum. De mannen keatsten yn de haadklasse frije formaasje. Mei 5-5 en 6-6 wûnen se fan Klaas Berkenpas, Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger. Chris Wassenaar waard kening.
De froulju keatsten in útnoegingspartij yn Arum. Dêr wiene de krânsen foar it partoer fan Géanna Buma mei Tineke Algra en Afke Hijlkema.