Kursus foar fûgelwachten

© Omrop Fryslân
Fryske fûgelwachten koene sneon meidwaan oan de kursus 'Alarm' yn de Binnemiede by Gytsjerk. Dêr koene se leare hokker sinjalen skriezen ôfjouwe as se yn gefaar binne.
De skries is in bedrige fûgel en it is wichtich dat skriezepiken oerlibje foar't se oan fleanen takomme. Dêrfoar binne in protte maatregels nommen, lyk as it ferheegjen fan it grûnwetterpeil. De kursus 'Alarm' wie organisearre troch stifting Weidevogels en it BFVW.