Boarterstún Skerpenseel opknapt

25 maaie 2003 - 00:00

De gemeente Weststellingwerf hat plannen om de boarterstún yn Skerpenseel op te knappen. Al in pear jier fersakje de boarterstastellen op it terrein, omdat it der te wiet is.

It reinwetter wurdt net goed ôffierd. De gemeente stelt de rie no foar om jild beskikber te stellen. De wetterôffier moat mei dat jild ferbettere wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)