700 nije leden foar Fryske Gea

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea hat der ferline jier sa'n 700 leden by krigen. It tal leden fan de feriening komt dêrmei op hast 22.500. Dat betsjut dat hast ien op de tsien húshâldens yn Fryslân lid is fan it Fryske Gea.
Om mear leden te krijen stjoerde de feriening ûnder oare in brief nei 40.000 adressen yn Fryslân. Dat koe dien wurde mei finansjele stipe fan de Postcode Loterij.