Auto yn 'e Dokkumer Ie

24 maaie 2003 - 00:00

By autorydles wurdt faak warskôge om de auto op de hânrem te setten, mar somtiden wurdt it dochs fergetten. Dat oerkaam ek in ynwenner fan Marsum. De man parkearde sneontemiddei syn auto oan de Dokkumer Ie by de Noardbrêge yn Ljouwert om efkes in blomke te keapjen.

Hy hie de auto net op 'e hânrem en dy ried hiel stadichoan de Dokkumer Ie yn. De auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)