Premjêre Kening Lear

© Omrop Fryslân
It teaterstik Kening Lear belibbe freedtejûn de freonepremjêre. Sneontejûn wie de offisjele premjêre fan it ôfskiedsstik fan regisseur Jos Thie fan Tryater. Rients Gratama spilet Kening Lear, dy't folslein yn de ûnderwâl rekket, nei't er de oprjochte leafde fan syn dochter ôfwiist.
Nei Abe, Peer Gynt en Orpheo Aqua is Kening Lear it 3e grutte spektakelstik fan Jos Thie. Yntusken binne 30.000 fan de 38.000 kaarten ferkocht.