Garnalefiskers ferdield

24 maaie 2003 - 00:00

Underlinge ferdieldheid ûnder de garnalefiskers hâldt in oplossing foar de krisis yn de fiskerij tsjin. Sûnt ôfrûne hjerst meie de fiskers fan de NMA net mear mei-elkoar en mei Dútse en Deenske fiskers ôfprate hoefolle se oan de wâl bringe.

Dy ôfspraken soargen derfoar dat de priis op peil bleau. De priis keldere dêrnei om't er fierstente folle fongen wurdt. Guon wolle no net mear as 1500 kilo wyks fange, oaren fine dat te min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)