Van der Wal 11de yn tiidrit

© Omrop Fryslân
De tiidrit yn Olympia's Tour waard freed wûn troch de Belch Sébastiaen Rosseler. Eelke van der Wal fan Holwert waard kreas alfde. Hy die ien minút langer oer de 23 kilometer as de winner.
Yn it algemien klassemint is Joost Posthuma de nije lieder. Eelke van der Wal bliuwt fierwei de bêste Fries. Hy stiet no njoggende yn it algemien klassemint op 59 sekonden fan de lieder. Snein is de lêste etappe.