FNP kiest nije foarsitter

24 maaie 2003 - 00:00

Cees van der Meulen út Grou is freed yn Wurdum keazen ta nije foarsitter fan de FNP. Hy folget dêrmei Aalsen Everts op. Van der Meulen wie al waarnimmend foarsitter. Der hat fierder in flinke ferjonging plakfûn yn it bestjoer. Fiif nije minsken waarden beneamd: Sytske de Boer, Tialda Dykstra, Jan van der Kooi, Ulbe Tjallingii en Adriaan Roodbergen.

Op de ledegearkomste waard fierder ôfskie nommen fan de âld-steateleden Jan van der Baan en Coby Laanstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)