Cambuur ferliest mei 10-0

© Omrop Fryslân
In djiptepunt freedtejûn foar Cambuur. De Ljouwerters ferlearen yn Deventer mei 10-0 fan Go Ahead Eagles. Foar Cambuur stie der neat mear op it spul en dat kaam de motivaasje blykber net te'n goede. It spul wie striemin.
Grutte man by de Eagles wie Ugur Yildirim dy't seis kear skoarde. Binnen in kertier wie it al 3-0 en waard troch it publyk 'tien-tien-tien' roppen. Dy foarsizzing kaam dus út.