'Poelpleats oerhastich ûntromme'

23 maaie 2003 - 00:00

Flechtlingewurk is ûntefreden oer de wize wêrop it COA de sluting fan asylsikerssintrum De Poelpleats yn Kollum regelet. It azc moat 1 augustus ticht. It COA is no lykwols al dwaande mei it oerpleatsen fan bewenners.

Neffens flechtlingewurk krije minsken pas twa dagen yn it foar te hearren wêr se hinne geane. Boppedat kinne bern, tsjin de ôfspraken yn, it skoaljier net ôfmeitsje. Neffens it COA ha asylsikers sels beslist gau te ferhúzjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)