Grut keunstwurk yn inoar set

23 maaie 2003 - 00:00

Yn Winsum wurdt op dit stuit wurke oan ien fan de grutste keunstwurken fan Nederlân. Metaalbedriuw Bakker is dwaande mei in keunstwurk fan trijehûndert meter lang. It giet om in wurk fan de Amsterdammer Ruurdt Peters, dat yn Hoofddorp komt te stean.

It keunstwurk dat Bakker makket, stelt in string DNA foar, it genetyske materiaal fan de minsk. It DNA wurdt makke fan swier metaal, alle kronkels wurde mei de hân makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)