Hearrenfean wol skea ferhelje

© Omrop Fryslân
Hearrenfean wol de skea dy't ûntstien is troch boufraude ferhelje op de oannimmers. It giet om sa'n 440.000 euro. De gemeente wol him dêrfoar oanslute by in groep fan gemeenten dy't juridysk ferhaal helje wolle.
Hearrenfean wurdt neamd yn de skaadboekhâlding fan Koop Tjuchem. Op grûn dêrfan soe de gemeente aardich wat kâns meitsje by in proses tsjin it bedriuw. De skea is rûsd op grûn fan de sifers yn de skaadboekhâlding.