Sertifikaten Piramide-kursus

© Omrop Fryslân
Njoggen leararen en liedsters fan basisskoallen en pjutteboartersplakken op It Hearrenfean ha tongersdei in ûnderwiis-sertifikaat útrikt krigen. Se ha twa jier lang in saneamde Piramidekursus folge.
De kursus is rjochte op it stimulearjen fan de ûntjouwing fan bern. It docht benammen fertuten by bern dy't bygelyks problemen ha mei taal. Ek komt it de gearwurking tusken de skoalle en it pjutteboartersplak te goede.