Goudfisken as marketingstunt

23 maaie 2003 - 00:00

In marketingkampanje fan it Ljouwerter reklameburo Hemmen & Solarz is folslein ferkeard fallen by de bistebeskerming. It reklameburo hat alle Fryske wetterskippen yn in plastic pûdsje in libbene goudfisk tastjoerd.

De bistebeskerming fynt it in ûnferstannige aksje. Neffens har is it bistekwelling om't de fisken yn te lytse pûdsjes ferstjoerd binne. De measte wetterskippen binne ek net sa bliid mei de twongen soarchplicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)