Twatalich VWO yn Boalsert

22 maaie 2003 - 00:00

De VWO-learlingen op it Marnekolleezje yn Boalsert krije net allinnich Ingelske les, mar sille ek skiednis, biology en gymnastyk yn it Ingelsk krije. De dosinten krije earst kursussen foardat se echt lessen yn it Ingelsk jaan sille.

Fan 2004 ôf kinne de VWO-'Brugpiepers' sels kieze oft se har lessen yn it Ingelsk folgje wolle. As it goed befalt komme der mooglik ek Ingelsktalige lessen foar de Havo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)