Gersbaanraces gean net troch

© Omrop Fryslân
It waar lit it net ta om op sneon 24 maaie op 'e Gordyk de ynternasjonale gersbaanwedstriden trochgean te litten. De baan is oan de wiete kant, mar de organisaasje hat benammen ek swierrichheden mei de parkearterreinen en it plak foar it rennerskwartier.
De skea bliuwt no beheind: tusken de 5000 en 10.000 euro. Letter beslute dat it net trochgean kin, falt folle djoerder út.