ANWB-keurmerk Amelân en Skylge

© Omrop Fryslân
Twa jachthavens en trije strannen hawwe de Blauwe Flagge fan 'e ANWB krige. Dat betsjut dat se skjin en feilich binne. De jachthaven It Leije Gat op It Amelân, Dellewal op Skylge, de strannen Amelân-East en West en it strân by West oan See op Skylge.
De Blauwe Flagge is in ûnderskieding dy't alle jierren útrikt wurdt. Mei-inoar binne dit jier tolve strannen en 36 jachthavens goedkard. De ûnderskieding jildt ynternasjonaal.