Trochstart by Storteboom

© Omrop Fryslân
By pikeslachterij Storteboom yn Korhorn (Grinslân) wurdt tongersdei wer wurke. Trije ynvestearders binne ree fûn om jild te stekken yn it hast fallite bedriuw. Ien dêrfan is de NOM (Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij)
By Storteboom wurkje in bulte Friezen út Achtkarspelen. Boppedat binne de pikefangers út dy omkriten ôfhinklik fan de slachterij. De ynvestearders ferwachtsje dat ek de festigings op de Feluwe meikoarten wer iepen kinne.