Kontener falt fan frachtwein ôf

22 maaie 2003 - 00:00

It ferkear op de A7 by It Hearrenfean wie woansdei oerenlang fertrage trochdat der in kontener fan in frachtwein fallen wie. De trúk mei oanhinger kaam fan Wolvegea en naam it klaverblêd yn 'e rjochting Drachten. De lading op de oanhingwein begûn doe te skowen en foel op 'e dyk.

It ferkear moast oant kertier oer achten oer de flechtstrook ride. Dat soarge foar lange files op de A7, mar ek op de diken nei it klaverblêd ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)