Alvestêdekuiertocht moat grutter

© Omrop Fryslân
De Alvestêdekuiertocht moat fanôf 2004 folle grutter wurde. In pr-buro út Amsterdam ûntwikkelt in plan om de tocht lanlik op de kaart te krijen. De alve stêden soenen mear dwaan moatte om de tocht oan te klaaien troch oare aktiviteiten te organisearjen.
Doel is dat der mear sfear is as by de ferneamde kuierfjouwerdaagse fan Nijmegen. Mei de nije oanpak kinne de Fryske stêden har better nei bûten ta profilearje, tinkt it marketingburo.