Merk Surhústerfean ferhuzet net

© Omrop Fryslân
De sneonsmerk fan Surhústerfean bliuwt op it Torenplein. Dat hat it kolleezje besletten nei oerlis mei belutsenen. In ferhuzing nei it sintrum is net gaadlik. De hannelsferiening stelde foar de merk op De Kolk te hâlden om't der gjin autoferkear komme mei.
It kolleezje keas foar it âlde plak fanwegen de berikberheid fan it plein en de parkearmooglikheden. De merk is al mear as fyftich jier oan de foet fan de Feanster toer.