Utstel fan betelling Broersma

© Omrop Fryslân
Transportbedriuw Broersma út Strobos hat by de rjochtbank fan Ljouwert útstel fan betelling krigen. Húsbankier ING is opholden mei kredytferstrekking. De bank soe te min betrouwen hawwe yn de reorganisaasje sa't dy earder by it bedriuw oankundige wie.
By it bedriuw soene 105 fan de 280 meiwurkers op strjitte komme te stean. It útstel fan betelling is in grutte ferrassing foar de fakbûnen. Woansdei prate dy mei de UR fan Broersma.