Sûnensenkête GGD ûnder jeugd

© Omrop Fryslân
De GGD, de mienskiplike sûnenstsjinst, hâldt kommende hjerst in grut provinsjaal sûnensûndersyk ûnder jongerein fan 13 oant en mei 18 jier. Oan 5000 jongeren wurdt frege om dêr oan mei te wurkjen.
It is de earste kear dat sa'n enkête op dizze skaal hâlden wurdt yn Fryslân. Globaal is bekend dat sa'n 20% fan de jongeren sûnensrisiko's rint. Gemeenten moatte wite wat dy risiko's krekt binne, om der wat oan dwaan te kinnen.