GGZ Fryslân moat besunigje

© Omrop Fryslân
GGZ Fryslân moat de rest fan dit jier 7,5 euroton ekstra besunigje. It sittende demisjonêre kabinet hat dat de ôfrûne dagen noch besletten. Mei-elkoar wol it regear lanlik 250 miljoen euro besunigje yn de sûnenssoarch. It jild moat komme út koartings dy't oplein wurde oan de ynstellings.
Foar GGZ Fryslân is de maatregel in ekstra ôffaller. GGZ Fryslân soe no óf de wachtlisten oprinne litte moatte óf in fakatuerestop ôfkundigje moatte.