PB De Harkema: Snelheid omheech

21 maaie 2003 - 00:00

Pleatslik Belang De Harkema wol dat de maksimumsnelheid yn twa strjitten yn it doarp wer fan 30 nei 50 kilometer yn 'e oere giet. PB skriuwt dat yn in brief oan it kolleezje fan B&W.

It kolleezje wol de snelheid yn de Warmolt- en de Reitsmastrjitte op 30 kilometer hâlde, wylst in ûndersyksburo advisearret om dêr 50 fan te meitsjen. Neffens PB soarget de 30-km maatregel foar te folle fertraging en ha bussen lêst fan de drompels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)