Skylger gemeentehûs wreidet út

21 maaie 2003 - 00:00

It nije Skylger gemeentehûs wurdt by it âlde gebou oanboud. Dat beslút hawwe boargemaster en wethâlders nommen. Dêrmei bliuwt de funksje fan it hjoeddeiske gemeentehûs behâlden. Nijbou op oare lokaasjes soe te lang duorje om't der in soad beswieren tsjin ferwachte wurde.

It kolleezje wol gjin goedkeap gebou dat oan de minimumeasken foldocht, mar in pân dat jierren meigiet. De riedskommisje praat der 3 juny oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)