Mear himpkwekerijen yn 2002

21 maaie 2003 - 00:00

De plysje yn Fryslân hat ferline jier folle mear himpkwekerijen (hennep) oprôle as yn it jier dêrfoar. Der binne hast 24.000 planten ferneatige. Dat is 60 prosint mear as yn 2001. Dat docht bliken út it jierferslach fan de plysje Fryslân.

De plysje makket him grutte soargen oer it tanimmen fan it gebrûk fan kokaine, XTC en de partydrug GHB. Der is ek in groei yn de frouwehannel. Per septimber komt der in spesjaal prostitúsjeteam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)