CDA wol Omrop wer fia Jirnsum

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân Radio moat wer gewoan fia de stjoerder yn Jirnsum útstjoere kinne. Dat fynt de CDA-fraksje yn de Steaten. Omrop Fryslân Radio stjoert sûnt ein ferline jier út fia de mêst yn Smilde. Sûnt dy tiid is de ûntfangst yn it noarden en súdwesten fan de provinsje minder wurden.
Neffens steatssekretaris Wijn leit dat oan de kwaliteit fan de radio's. Omrop Fryslân tinkt dat it oan de mêst yn Smilde leit en lit dat no ûndersykje.