Maaskant wint etappe Olympia's

21 maaie 2003 - 00:00

De tredde etappe fan Olympia's Tour waard tiisdei wûn troch Martijn Maaskant. Hy kaam yn de etappe fan Wateringen nei Hoorn oer 162 km solo oer de einstreek. Op trije tellen folge de earste groep mei Eelke van der Wal fan Holwert. Germ van der Burg fan Folsgeare hie in misse dei.

Yn it klassemint hâldt Hans Dekkers de oranje liederstrui. Eelke van der Wal is 10de op 12 tellen. De oare Friezen ha al in grutte efterstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)