Mooglik fûgelpest yn Goutum?

20 maaie 2003 - 00:00

Yn Goutum is in hin mooglik besmet mei fûgelpest. Eigner Pietersma is hobbyboer. Hy hat ferline wike de bistedokter warskôge. De RVV hat freed acht hinnen meinommen foar ûndersyk.

It earste ûndersyk wiisde út dat der gjin sprake fan besmetting is. Freed komt de definitive útslach. It hûs is mei linten ôfset. Neffens de foarsitter fan de Fryske bistedokters wurde faker fertochte gefallen melden om't mear syktes op fûgelpest lykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)