Wer kantoar kreake yn Ljouwert

20 maaie 2003 - 00:00

Yn Ljouwert is binnen twa wiken wer in kantoar kreake. It gebou neist it âld- kantoar fan makelder Steinvoorte oan it Zuiderplein dat ferline wike kreake waard, is no beset.

De eigner docht de kommende twa jier neat mei de kantoaren. Dat lokket de kreakers út de Westerein nei Ljouwert ta. Se hoopje dat mear jongeren har foarbyld folgje. De kreakers knappe de bûtenkant fan de gebouwen sels op. Dy sjogge der net goed út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)