Drankkontrôle wettersporters

© Omrop Fryslân
De plysje hâldt dizze simmer grutte alkoholkontroles op Fryske wetters. Boatsjestoeristen sille dan blaze moatte by grutte eveneminten lykas it skûtsjesilen en de Snitswike. Opfallend is dat it tastiene alkoholpromillaazje by farren heger is as by bygelyks autoriden.
De kontrôle set ein juny út ein. njonken op drank wurdt ek let op te hurd farren en fersmoarging fan it wetter troch oalje of oare saken.