Riedslid Inberg (D66) stapt op

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter D66-riedslid Sietske Inberg stapt op. Se kin har net fine yn wat har partij yn it regearakkoart ôfpraat hat oer de kearnsintrale Borssele. D66 is mei it CDA en de VVD oerienkommen dat dy de kommende tsien jier iepen bliuwt.
Inberg is prinsipjeel op kearnenerzjy tsjin en wol om dy reden gjin lid mear wêze fan D66. Om't se net op persoanlike titel riedslid wêze wol, stapt se op 1 july út 'e rie.