Kompasjilden dogge fertuten

© Omrop Fryslân
De miljarden ryksjild dy't it Noarden oant en mei 2006 besteegje mei, wurde goed brûkt. Dat docht bliken út in ûndersyk nei de besteging fan de saneamde Kompasjilden. De subsydzjes ha yn it hiele Noarden mear as 4000 ekstra banen opsmiten.
As yn 2006 de subsydzjes ophâlde, binne mei it jild mear as 14.000 banen kreëard. Fanwege de ekonomy wurdt no mear ynset op it behâld fan wurkgelegenheid, as op útwreiding.