Nijbou foar brânwacht Frjentsjer

19 maaie 2003 - 00:00

Yn Frjentsjer is moandei útein set mei de nijbou fan de branwachtkazerne. Fiif jier lyn joech de gemeenteried al tastimming foar de nijbou. It finen fan in geskikte lokaasje en beswierskriften soargen der lykwols foar dat boargemaster Haveman no pas de earste peal slaan koe.

De nije kazerne komt achter it gemeentehûs. As alles no wol neffens skema ferrint, is it gebou ein fan it jier klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)