Ekstra maatregels yn Katwyk

19 maaie 2003 - 00:00

By de wedstriid Quick Boys - Harkemase Boys, no sneon yn Katwyk, wurde ekstra feilichheidsmaatregels nommen. Dat hat boargemaster Wienen fan Katwyk moandei bekendmakke. In protte plysjeminsken sille ynset wurde en der jildt ek in alkoholferbod.

De boargemaster hâldt rekken mei relskoppers dy't wraak nimme wolle nei de wedstriid yn Harkema. De KNVB hat Harkemase Boys en Quick Boys foar de rellen yn steat fan beskuldiging steld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)