Tal huzefeilings nimt ta

19 maaie 2003 - 00:00

Troch de ekonomyske resesje kinne hieltyd mear minsken harren hypoteek net betelje. It tal iepenbiere ferkeapingen fan huzen is dan ek eksplosyf omheech gien.

Adema, Gast en Wierda Notarissen yn Ljouwert organisearje in soad huzefeilings yn Fryslân. It kantoar ferwachtet dit jier sawat 75 eksekúsjefeilings út te fieren. Oare jierren leit dat oantal op likernôch fjirtich yn it jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)